Sotsji, dei 15: ôflossing

21 feb 2014 - 06:01
  • De Nederlânske shorttrackploech
  • Sven Kramer yn Sotsji

De ein fan de Winterspelen komme tichteby. Op de ôflossing by it shorttrack lizze freed kânsen op in Nederlânske medalje. Dy wedstriid is jûns.

Freedtemiddei earst noch ien ûnderdiel by it reedriden: de ploege-achterfolging. Om 14.30 oere besykje earst de manlju de heale finale te heljen. De ploech dy't bestiet út Sven Kramer, Koen Verweij en Jan Blokhuijsen, pakte fjouwer jier lyn yn Vancouver de brûnzen medalje en geane no wis en seker foar goud. Hjoed wurdt ek noch de heale finale ferriden.

Dêrnei is it oan Ireen Wüst, Lotte van Beek en Jorien ter Mors. Ek sy geane op jacht nei de lêste gouden medalje. Dizze kwartfinale begjint om 15.20 oere. De finales foar sawol de manlju as de foulju wurde sneon ferriden. Marrit Leenstra en Jorrit Bergsma binne reserve.

Freed is dus de ek lêste kâns op medaljes op it iis fan it Iceberg Skating Palace, shorttrack dus. Earst mei Sjinkie Knegt fan Bantegea op de 500 meter sjen litte wat er wurdich is. De kwartfinale begjint om 17.30 oere.

As lêste komt om 19.20 oere de ôflossingsploech yn aksje, mei de Friezen Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma. Se stride tsjin Ruslân, Amearika, Kazachstan en Sina om in medalje.

Sneon mear oer it bobslydzjen en de finales fan de ploege-achterfolging.

Sjoch hjir foar it skema fan de ploegeachterfolging manlju.
Sjoch hjir foar it skema fan de ploegeachterfolging froulju.
Sjoch hjir foar it skema fan de ôflossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)