Sotsji, dei 14: rêstdei

20 feb 2014 - 06:04
  • Ireen Wust (L) Carien Kleibeuker (R) Huldiging yn it Holland Heineken House

Wer in rêstdei hjoed foar de Nederlânske sporters. Foar in grut part fan de delegaasje sitte de Winterspelen der ek al wer op. Wol is der fan 'e middei de offisjele huldiging fan de medaljewinners fan de 5000 meter fan juster. Ireen Wüst pakte de sulveren medalje en Carien Kleibeuker waard tredde. De seremoanje is lykas alle dagen om 17.30 oere op Medals Plaza.

Moarn mear oer de ploege-achterfolging reedriden, de 500 meter shorttrack en de ôflossing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)