Sotsji, dei 12: 10.000 meter

18 feb 2014 - 05:48
  • Sven Kramer yn Sotsji

De dei begjint mei shorttrack. Sjinkie Knegt sil hjoed besykje op de 500 meter de kwartfinale te berikken. Knegt komt yn aksje yn de lêste searje. De wedstriid begjint om 11.15 oere. De finales fan dizze ôfstân wurde freed riden.

Fan 'e middei krijt Sven Kramer de kâns om de kapitale flater fan fjouwer jier lyn goed te meitsjen. Om 14.00 oere begjint de 10 km. Kramer is hâlder fan it wrâldrekôr en lit de gouden medalje dizze kear net oan syn noas foarbygean. Neist Sven ferskine ek Jorrit Bergsma fan Aldeboarn en Bob de Jong op it iis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)