Sosjale wurkplakken stake

30 jan 2014 - 16:33

Meiwurkers fan sosjale wurkplakken, lykas Caparis, sille yn febrewaris nei Den Haach ta om aksje te fieren tsjin de besunigings en plannen fan it kabinet. Op guon sosjale wurkplakken sil sels staakt wurde. Minsken dy't wurkje by in sosjale wurkfoarsjenning meitsje har ek grutte soargen oer de ynfiering fan de partisipaasjewet, de CAO en it pensjoen.

Troch de besunigings komme minsken neffens fakbûn Abvakabo FNV yn persoanlike en finansjele problemen. Ek sil der net genôch begelieding wêze om minsken wer oan in reguliere baan te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)