Sosjale Winkel: tefolle oanrin

28 aug 2003 - 00:00

De Sosjale Winkel yn Ljouwert hat safolle oanrin dat de besteande subsydzje net genôch is. Yn de winkel kinne minsken ynformaasje krije oer regels, wetten en formulieren. De lêste tiid komme der ek in soad minsken út oare gemeenten.

De ynstelling hat de hiele moanne septimber ta aksjemoanne útroppe. Wethâlder Hafkamp fan de gemeente Ljouwert sil ûnder oare in moarnsskoft meidraaie yn 'e winkel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)