Sosjale tsjinsten net gearfoegje

10 okt 2006 - 16:29

Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel sille net gearwurkje op it mêd fan de sosjale tsjinst. Beide gemeenten hawwe twa jier lang ûndersyk dien nei gearwurking of gearfoeging. Dat is net mooglik om't de gemeenten op guon belangrike punten in oar belied hawwe. Boppedat skaft it regear takom jier it finansjele foardiel ôf foar gearwurkjende gemeenten. Beide gemeenten sjogge dêrom ôf fan gearwurking fan sosjale tsjinsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)