Sosjale tsjinst djoerder út

03 sep 2010 - 20:39

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel hat de begrutting 2011 fan de sosjale tsjinst Noardwest-Fryslân ôfkard. De tsjinst wie troch seis fan de acht oansletten gemeenten opdroegen om tsien prosint te besparjen. Dat is lykwols net slagge.

Troch de fraach nei mear útkearings binne de kosten sels in heal miljoen euro heger. Neffens bestjoerslid en wethâlder Osinga moat de sosjale tsjinst no sjen nei mooglikheden om yn de eigen organisaasje te snijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)