Sosjale plannen yn Smellingerlân

06 okt 2003 - 00:00

De PvdA yn Smellingerlân ûndersiket de gefolgen fan de nije wet op Wurk en Bijstân. De partij wol besjen oft der ek sosjale plannen ûntwikkele wurde kinne foar de gemeente. Mei de nije wet bepale de gemeenten sels hoefolle subsidiearre banen der binne en hoefolle jild se dêroan besteegje.

De PvdA-fraksje fan Smellingerlân sil no besjen hoe't de wet goed útwurke wurde kin. Dêrfoar binne reaksjes en ideeën foar earmoedbestriding nedich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)