Sosjaal wurkplak moat ticht

24 nov 2011 - 15:30

It sosjale wurkplak oan de Fûgelweide yn Drachten moat ticht. De gemeente lûkt fanwege besuniging de subsydzje yn. By de sosjale foarsjenning meitsje pensionearden en wurkleazen houten meubels foar minsken yn de wyk en foar tsjerken.

It wurkplak besiket der no mei de gemeente út te kommen. De gemeente wol dat it wurkplak fusearret mei de pleatslike hobbyklup. It wurkplak wol dat net, omdat sy yn de wyk bliuwe wolle en de hobbyklup op in yndustryterrein sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)