Sosjaal team yn Smellingerlân

01 apr 2005 - 12:55

Yn de gemeente Smellingerlân is fan tongersdei ôf in sosjaal team aktyf. Dêr sitte fertsjinwurdigers yn fan njoggen organisaasjes dy't te krijen ha mei soarch en wolwêzen. It giet ûnder oaren om de plysje, de GGZ en wenningboukorporaasjes.

It sosjaal team Smellingerlân sil minsken mei problemen earder en better helpe. Bygelyks as se it hûs útset drige te wurden. Yn Fryslân binne no fyftjin sosjale teams aktyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)