Sosjaal Team helpt probleemgefal

28 feb 2006 - 15:02

Yn de gemeenten Littenseradiel, Boalsert en Wûnseradiel moat in nij Sosjaal Team probleemgefallen better helpe. It team is sûnt koart yn de trije buorgemeenten aktyf. Neist de gemeenten dogge ek de plysje, GGD, GGZ, wenningboukorporaasje Welkom en maatskiplik wurk mei.

It Sosjaal Team moat foarkomme dat de organisaasjes by elkoar del wurkje. It tal hûsútsettings nimt ôf as in Sosjaal Team yn in gemeente wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)