Sosjaal, saaklik boargemaster

16 maaie 2008 - 08:51
  • Wa sil Cazemier opvolgje?

De nije boargemaster fan Dongeradiel moat ekonomysk ynsjoch hawwe, mar ek it sosjale aspekt net út it each ferlieze. Dat waard tongersdei dúdlik yn de ekstra riedsgearkomste wêryn't de profylskets fêststeld waard.

De ferskate fraksjes fine dat de nije boargemaster mei beide fuotten op 'e grûn stean moat en fansels in goed bestjoerder wêze moat. Ek moat er each hawwe foar saken op it mêd fan libbensskôging. At it in man of frou is, makket de fraksjes neat út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)