Sosjaal plan by Tichelaar

08 okt 2009 - 09:46
  • Lúkse, mei de hân beskildere, artikels

Tichelaar yn Makkum sil in sosjaal plan opstelle foar de meiwurkers dy't ûntslein wurde. Troch de ekonomyske krisis hat ek Keninklike Tichelaar it dreech. It ierdewurkfabryk sit yn it lúksere segmint. Se meitsje geskinken mei de hân en ûntwikkelje mei arsjitekten materialen foar de bou.

Yn beide sektoaren slacht de krisis hurd ta. En ek it fabryk ûntkomt dêr net oan. Freed sil Tichelaar om 'e tafel mei it fakbûn om te praten oer in sosjaal plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)