Sosjaal plan Spaansen ôfwiisd

19 sep 2013 - 20:35
  • Spaansen

De wurknimmers fan de Spaansen Groep ha it sosjaal plan ôfwiisd, dat makke wie yn ferbân mei de reorganisaasje bij it bedriuw. Troch dy reorganisaasje ferdwine der 31 banen bij de festigingen yn Harns en Winkel. De direksje wol de minsken dy't derút moatte wol in ûntslachfergoeding jaan, mar dan krije se in koartere opsistermyn. Dêr giet it personiel net mei akkoart. Se fine dat se dan har eigen ûntslachfergoeding betelje, trochdat it bedriuw jild útsparret as de minsken earder opstappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)