Sosjaal plan Prins tekene

28 feb 2014 - 05:59
  • Prins Dokkum

De wurknimmers fan it eardere Prins Dokkum hawwe tongersdei it sosjaal plan tekene. Dêrmei is definityf in ein kaam oan de aksjes fan it personiel. De tritich âld-wurknimmers fan it fangrailfabryk krije noch fiif moannen bruto salaris mei en in bonus fan 2500 euro. Mei it tekenjen binne alle juridyske prosedueres fan de baan.

Prins gie ein ferline jier ticht nei moannenlang ferset en aksjes fan de wurknimmers en harren froulju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)