Sosjaal plan foar Sonac

15 des 2005 - 09:58

De fakbûnen binne akkoart gien mei in sosjaal plan foar destruksjebedriuw Sonac yn Burgum. By it bedriuw ferdwine 35 banen omdat der minder slachtôffal oanfierd wurdt. Boppedat wol Sonac in part fan it wurk útbesteegje.

Ferline wike giene de fakbûnen net akkoart mei in sosjaal plan. Grutste beswier wie doe dat it personiel dat mei giet nei bedriuwen dêr't wurk oan útbestege wurdt, it selde wurk dwaan moat foar minder lean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)