Sosjaal pensjon yn Drachten

28 jan 2010 - 09:59

Opfangorganisaasje Zienn hat fiergeande plannen foar in sosjaal pensjon yn Drachten. De opfang moat komme yn it eardere gebou fan de Rehoboth MAVO oan de Stasjonswei. Dy moat dêrfoar wol ferboud wurde. Yn it pensjon is romte foar 24 folwoeksen manlju en froulju dy't troch problemen net mear selsstandich wenje kinne.

Op 3 febrewaris wurdt der in ynformaasjebyienkomst organisearre foar bewenners fan de Stasjonswei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)