Sosjaal akkoart foar Amels

13 apr 2005 - 14:29

Foar de goed 160 meiwurkers fan skipswerf Amels yn Makkum is tiisdei in sosjaal akkoart sletten. Dat hat fakbûnsbestjoerder Ad de Vos fan FNV Bondgenoten befestige.

Skipswerf Amels wurdt troch it memmebedriuw Damen Shipyards yn Gorinchem sletten. Foar 70 oant 80 meiwurkers is der noch hoop. Sy kinne mooglik har wurk behâlde as skipswerf De Vries út Aalsmeer Amels foar in part oernimt. Dêr is noch neat wis oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)