SOS Alarm siket frijwilligers

27 sep 2013 - 15:35

De nije lanlike SOS Alarm Helptsjinst siket ek yn Fryslân frijwilligers. Sy moatte help jaan by in kalamiteit yn 'e buert. It giet om helpferliening foardat ambulânse, plysje en of brânwacht te plak is. Lanlik wurde 20.000 frijwilligers mei in EHBO- of BHV-diploma socht.

Neist de Noardlike meldkeamer wol SOS Alarm gearwurking sykje mei de reguliere helptsjinsten en mei Fryslân Hartveilig. Frijwilligers fan dy organisaasje wurde oproppen wannear't yn 'e buert in persoan reanimearre wurde moat mei help fan in AED-apparaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)