Sop-a-Ton fan start gong

29 aug 2014 - 13:03
  • De Sop-A-Ton is los
  • Der geane ek kilo's sipels en woartels yn de sop

Freed om 13 oere is úteinset mei de Grutte Fryske Sop-a-Ton. Yn 24 oeren tiid wurde 2400 potten tomatesop makke mei tomaten fan Fryske tylders. De inisjatyfnimmers wolle mei de aksje omtinken freegje foar it griente-oerskot dat ûntstiet troch de Russyske boykot en it fergriemjen fan iten.

De 2400 potten sop dy't makke wurde stean symboal foar it oantal kilometers tusken Fryslân en Moskou. De sopmaraton soe oarspronklik hâlden wurde yn de keuken fan it Nordwin College, mar dat is de keuken fan de middelbere hotelskoalle wurden.

Dy is grutter en dat is nedich omdat der in soad belangstelling fan frijwilligers en parse is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)