Sop-a-thon: 2400 potten sop

30 aug 2014 - 14:10
  • Yn 24 oeren waarden 2400 potten sop makke

De grutte Sop-a-thon is in sukses wurden. Sneon om ien oere waarden nei 24 oeren bealgjen troch de 40 frijwilligers de lêste fan 2400 potten sop ynpakt. Boargemaster Crone sleat de aksje offisjeel ôf troch de lêste pot te keapjen. Sjefkok Henk Markus betelle 100 euro as heechste bieder foar twa doaskes op Marktplaats. De potten mei sop wurde snein ferkocht op it Uit-festival yn Ljouwert en nije wike op de Streekmerk yn Himmelum.

De inisjatyfnimmers lûke in soad belangstelling mei harren aksje om sop te meitsjen fan Fryske griente.

De sop is sean fan tomaten dy't fanwege de Russyske boykot oerbleaune.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)