Soos Wurdum mooglik langer iepen

17 jun 2003 - 00:00

Mooglik mei de jongereinsoos yn Wurdum langer iepen bliuwe. No is it sa dat de jongeren nei it sluten fan de soos om tolve oere it doarp yn geane mei auto's en scooters. Dat soarget foar oerlêst en fernielings.

Jongerein en âlden sille in wurkgroep foarmje om de oerlêst te beheinen. Dat is moandeitejûn besluten op in gearkomste dêr't ek wethâlder Hafkamp fan Ljouwert oanwêzich wie. Nije wike wurdt der fierder praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)