Sonnema hat nije bearenburch

26 apr 2004 - 00:00

It âlde gebou fan Sonnema Berenburg yn Dokkum wurdt mooglik wer opknapt. It gebou yn it sintrum fan de stêd stiet der suterich by. De gemeente wol wat mear mei it gebou dwaan. De distillearder wol wol meihelpe.

Sonnema ferhuze 35 jier lyn út Dokkum nei Boalsert. Dochs fielt it bedriuw him belutsen mei de stêd. Dêrom is moandei in spesjale bearenburch oan kommissaris Nijpels presintearre: Bonifatius Berenburg.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)