Sonken kruser rap burgen

25 jun 2013 - 22:40

De kruser dy't tiisdei op it Margrietkanaal by rekreaasjepark Yn 'e Lijte by Grou troch in binnenfeartskip oerfearn waard, is tiisdeitejûn al burgen. Dit gie sa rap omdat der tafallich in kraanskip út Harns yn de buert wie. De opfarrenden, in man en frou út Limboarch fan 67 en 64 jier, binne nei it MCL yn Ljouwert brocht.

Omdat de tsien meter lange kruser ûnder it binnenfeartskip lei, waard it skipfeartferkear in pear oeren stillein. Om sân oere hong de kruser yn de takel en koe it skip fierder ûndersocht wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)