Sonken boat noch net burgen

10 sep 2007 - 10:59

It is noch net dúdlik wanneart de sylboat dy't snein sonken is tusken Flylân en Skylge burgen wurdt. De fersekeringsmaatskippij fan de eigner moat earst noch opdracht jaan. Der binne al wol bergers dy't belangstelling ha foar it wurk.

De kustwacht wie fan doel moandei in boei by it wrak te lizzen, as warskôging foar de oare skipfeart, mar dat slagget net fanwege de hurde wyn. It skip leit net yn de farrûte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)