Sonken boat boppe wetter helle

23 feb 2012 - 16:40

It sleperke út Koarnwert dat woansdeitejûn sonk op de Iselmar ûnder Den Oever is tongersdeitemiddei boppe wetter helle. It sil no ûndersocht wurde troch de plysje yn de hoop mear dúdlikheid te krijen oer de oarsaak fan it fergean. Earder tongersdei waard ek it lichem fan ien fan de twa bemanningsleden fûn. Nei it twadde bemanningslid wurdt noch socht oant de sinne ûndergiet.

It sleperke sonk neidat it út Harns fia de sluzen by Koarnwertersân de Iselmar opfearn wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)