Sonesto oernaam troch Marko

14 okt 2009 - 11:08
  • It bedriuw makket klûskes

Produsint fan lockers en kleanklûskes Sonesto yn Drachten is oernommen troch de Marko Group yn Veendam. Marko produsearret meubels en kasten foar ûnder oare skoallen, bedriuwen en kantoaren.

By Sonesto wurkje 14 minsken. Foar har hat de oername gjin gefolgen. De direksje ferwachtet sels fierder groei yn de takomst. De namme Sonesto bliuwt gewoan bestean. It bedriuw bestiet 25 jier en is yn Nederlân merklieder op it gebiet fan kleankasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)