Sondeartruck mjit sâlt wetter

17 mrt 2010 - 15:12

Yn Noardwest-Fryslân is de saneamde sondeartruck te sjen. Hjirmei wurdt ûndersyk dien nei fersâltsjen fan de boaiem. Dat bart yn opdracht fan de provinsje, it wetterskip en Vitens.

De sondeartruck is in ridend fjildlaboratoarium. It is belangryk om te witten hoe djip it sâlte wetter yn de boaiem sit. Troch klimaatferoarings kin it sâltwetterpeil hieltyd heger komme te lizzen. Dat kin gefolgen ha foar de lânbou of it drinkwetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)