Sombere stimming yn Sionsberg

17 sep 2013 - 13:36
  • De Sionsberg

Meiwurkers fan De Sionsberg yn Dokkum binne ferslein no't der ûntslachpetearen hâlden wurde yn it sikehûs. Moandei is in begjin makke mei de yn totaal 120 petearen. It personiel en de ûndernimmingsried hawwe wol begryp foar de reorganisaasje. Sûnder de yngripende maatregel kin it sikehûs net fierder.

De hiele situaasje soarget foar sombere gefoelens by de meiwurkers, ek by dyjingen dy't bliuwe meie. Soms wurdt fan twa kollega's op itselde kantoar de iene boppetallich ferklearre en mei de oare bliuwe. lykas op ien fan de sekretariaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)