Sollied nije trainer It Fean?

08 mrt 2008 - 13:24
  • Tekenet Sollied nije wike kontrakt?

Trond Sollied wurdt de opfolger fan Gertjan Verbeek as trainer by sc Hearrenfean. Mei dat berjocht kaam de Ljouwerter krante sneon. De Noar Sollied is no trainer by it Flaamske AA Gent. Neffens de Ljouwerter is it de bedoeling dat Sollied takom wike in mearjierrich kontrakt tekenet by Hearrenfean.

Direkteur Yme Kuiper fan Hearrenfean wol it berjocht net befestigje en net ûntkenne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)