Sollied ferwachte ûntslach net

11 sep 2009 - 10:57
  • Sollied: Hearrenfean noch net ta oan feroarings

De breuk tusken Hearrenfean en trainer Trond Sollied is it bewiis dat de klup noch net ta wie oan feroarings. Dat seit Sollied freed yn in ynterview yn it AD. De Noar seach syn ûntslach net oankommen en tocht doe't er it hearde: 'ze weten niet wat ze doen'.

Fierder fertelt er dat er gjin ynfloed hie op de oankeap fan spilers en dat er mei spilers wurke dy't er leaver net hie. Dat Foppe de Haan no adviseur is fan trainer Jan de Jonge is neffens Sollied in stap werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)