Solistekonkoers yn Garyp

29 jan 2011 - 10:05

Foar de 37e kear wurdt sneon it solistekonkoers organisearre troch de Federatie van Muziekverenigingen en Drumbands yn Tytsjerksteradiel. Dit jier foar it earst yn it doarpshûs fan Garyp en dat hat alles te krijen mei de nije haadsponsor dy't út dat plak komt.

It oantal dielnimmers leit wat heger as ferline jier, by de jeugd binne 33 solisten. De muzykleararen hawwe hjir in belangrike rol yn, sy stimulearje de learlingen om mei te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)