Solexen dreech, motoaren flot

13 jun 2011 - 12:48
  • Foto's: Alle Faber, Omrop Fryslân

De Solexen dy't op Pinkstermoandei de Alvestêdetocht ride, hawwe in soad problemen. It wiete waar soarget foar koartsluting en lekke bannen. Yn de biezemwein dy't achter de ploech oanriidt, hawwe se it smoardrok.

De dielnimmers en taskôgers fan de Alvestêdetocht foar motoaren en auto's liket it min waar net folle te dearen. De tocht sette yn Ljouwert út ein. De measte riders dogge net foar de earste kear mei. Se binne wol wat wend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)