Solexclubs lanlik feriene

28 jan 2009 - 21:19

Solexclub Altijd Onder Weg (A.O.W.) fan De Jouwer hat mei trije oare grutte Solexclubs út Voerendaal, Akersloot en Medemblik de Solex Vereniging Nederland oprjochte.

It doel fan de SVN is de belangen fan alle solexclubs yn Nederlân te behertigjen.Ek wol de nije feriening unifoarme regels foar Solexraces opstelle. Yn Nederlân binne mear as 60 Solexclubs aktyf mei inkele tûzenen leden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)