Soleksen stride yn Appelskea

15 aug 2010 - 09:36

Sawat 40 minsken hawwe sneon meidien oan it Nederlânsk Kampioenskip Soleksracen yn Appelskea. It wie foar de 25ste kear dat de wedstriid hâlden waard. Inkele hûnderten minsken kamen te sjen.

Der waard striden yn fjouwer klassen. Yn de heechste klasse gie de winst nei Lubbert Postma út Twizel. De wedstriid yn de spesjaalklasse koe net trochgean, omdat twa fan de trije dielnimmende soleksen yn dy klasse stikken gongen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)