Soldaat omkommen op sjitbaan

17 feb 2001 - 20:14

In 18-jierrige soldaat út Hearrenfean is troch in ûngelok om it libben kommen op de NAVO-sjitbaan yn it Dútske Bergen-Hohne. De soldaat tsjinne yn it 13e Luchtmobiele bataljon.

Neffens de Landmacht is de man omkommen by in oefening, doe't mei hânwapens op skerp sketten waard. De maresjesee en de Dútske plysje stelle in ûndersyk yn nei de fierdere tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)