Solarboat moat opnij boud wurde

01 apr 2006 - 13:07

Jachtbouwer Andela út Balk is sa goed as oernij begûn mei it bouwen fan in boat foar de solarrace yn juny fan dit jier. Andela makket syn boat fan aluminium. Hy woe platen brûke fan 1 mm dik, mar by it laskjen foelen der grutte gatten yn de romp.

Andela is dêrom opnij begûn, mei platen aluminium dy't in heale milimeter dikker binne. Oan de solarrace troch Fryslân dogge tsientallen teams mei út binnen- en bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)