Solar Challenge start yn Grins

28 jun 2014 - 17:28

Foar de earste kear is de Dong Energy Solar Challenge sneon begongen yn Grinslân en net yn Fryslân. Fjirtich sinneboaten út Nederlân en it bûtenlân setten ôf yn de haven fan Blauwestad. De sinneboaten farre sprintwedstriden, lange ôfstannen, tiidwedstriden en massastarts. Fia Grins en Zoutkamp komt de sinneboat-karavaan dan op de Fryske wetterwegen en ferfolget de reis oer Snits nei Harns.

De finish is takom wike sneon yn de Prinsetún yn Ljouwert. De lêste winner fan de Solar Challenge twa jier lyn wie ROC Friese Poort út Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)