Softwaremaleur bank noch net oer

06 jun 2006 - 21:33

De Friesland Bank hat de problemen mei it ynternetbankieren noch net oplost. Alle kantoaren fan de bank binne om dy reden ek tiisdei wer de hiele dei iepen. De bank sei foar it wykein dat bekend wie wat it probleem krekt is.

Der is mei de pinksterdagen trochwurke, mar in definitive oplossing is der noch net. Neffens de bank is der in probleem mei de software, dat pas oan it ljocht komt as it programma swier belêste wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)