Software lokalisearret dieven

01 des 2013 - 13:18
  • Laptop

Twa manlju út Gelderlân binne sneontejûn pakt, mei troch de folchsoftware op de laptop fan in ynwenner fan De Jouwer. De twa wurde derfan fertocht dat se sneontejûn ynbrutsen hawwe yn in wenning oan de Skou op De Jouwer. Dêrby waard ûnder oare de kompjûter stellen. Dêr stie lykwols in spesjaal programma op dêr't it apparaat mei folge wurde koe.

Op de A1 by Apeldoorn waarden de beide manlju út Ede en Barneveld oanhâlden troch de plysje. Se binne yn de sel set foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)