Soere neismaak by EVT

10 jun 2014 - 17:28
  • Direkteur Erwin Rob
  • EVT en Doeksen

It duorret fierstente lang foardat de advyskommisje foar de feartsjinsten op Skylge en Flylân ynstallearre is. Dat seit âld-direkteur Erwin Rob fan de EVT, de Eigen Veerdienst Terschelling. De EVT waard de ôfrûne maaitiid oernommen troch Rederij Doeksen. Underdiel fan dy oerienkomst mei it Ryk wie it ynstellen fan in ûnôfhinklike advyskommisje, dy't meipraat oer de fartiden en de tariven fan Rederij Doeksen.

De advyskommisje soe der foar 30 juny wêze moatte, mar is der noch hieltiten net. Erwin Rob fynt dat dit allegearre te lang duorret.

De EVT fynt dat de gemeenten Skylge en Flylân yn aksje komme moatte om derfoar te soargjen dat der gau in advyskommisje komt. Dy advyskommisje moat opkomme foar de belangen fan de boatreizgers en der ek foar soargje dat Rederij Doeksen klantfreonlik wurket en goed rekken hâldt mei de belangen fan de eilanners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)