Soer lykspul Snits Wyt Swart

22 sep 2013 - 16:01
  • Logo VV Snits Wyt Swart

Snits Wyt Swart Boso hat snein yn Nijmegen mei 4-4 lykspile tsjin NEC. Mark Homme van der Veen sette de Snitsers betiid yn de wedstriid op 1-0. NEC draaide de rollen dêrnei om en pakte de lieding mei 2-1. Flak foar rêst sette Freerk de Jong de Snitser wer op likense hichte.

Nei rêst soarge in treffer fan Daniel Zwart opnij foar de foarsprong. Nei in oertreding fan De Jong, dy't mei read fan it fjild moast, tekene NEC foar de 3-3. Kevin Huitema like foar de ferlossing te soargjen, mar yn blessueretiid kaam NEC dochs wer lânsside.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)