Soer ferlies Snits Wyt Swart

05 maaie 2013 - 16:27
  • Trainer Johan Groote

Snits Wyt Swart gong snein mei 3-1 ûnderút tsjin ADO '20. Yn Heemskerk kaam de thúsploech nei in kertier spyljen op foarsprong. Nei rêst wreide ADO '20 de marzje fierder út yn de 64e minút.

Mei noch in kertier te gean soarge Kevin Huitema mei de oanslutingstreffer foar nije kriich by de Snitsers. Lang mocht de hoop lykwols net duorje, want 10 minuten lietter smiet ADO '20 de wedstriid yn it slot mei de tredde treffer. In reade kaart foar Ramon Giro Batalla yn 'e slotminuten makke it ferlies noch soerder foar de Snitsers.

De ploech fan trainer Johan Groote wie al degradearre út de topklasse en spilet nije wike snein de lêste thúswedstriid tsjin Achilles '29.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)