Soer ferlies LDODK tsjin Dalto

25 jan 2014 - 22:49
  • Teloarstelde gesichten nei ôfrin fan de wedstriid
  • André Zwart yn aksje tsjin Dalto
  • Betty Jansma klear foar de ynrinbal

De kuorballers fan LDODK hienen troch it 24-23 ferlies tsjin Dalto in minne sneontejûn. Yn sporthal Koartsweagen op De Gordyk naam LDODK flot in 4-0 foarsprong, mar dêrnei kaam der sân yn de masine. Healwei wiene beide ploegen yn it lykwicht: 12-12. Yn de twadde helte moast de thúsploech hieltyd yn de efterfolging. Dat slagge hast ek noch, mar de punten gongen mei nei Driebergen. André Zwart wie mei tsien treffers de tûkste LDODK'er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)