Soer ferlies Harkemase Boys

01 apr 2013 - 19:10

Harkemase Boys hat peaskemoandei mei 3-2 ferlern fan ACV. Op sportpark De Bosk hienen de Harkiten in dreamstart. Nei 4 minuten stie de 1-0 op it boerd troch in eigen doelpunt fan ACV. Yn de 40e minút bekroande Klaas Schotanus in goed útspile oanfal mei de 2-0. In oertreding fan Reinder Slager besoarge ACV krekt foar rêst de oanslutingstreffer fan 11 meter.

ACV makke yn de 71e minut de lykmakker. De Boys hienen dêrnei hâlden en kearen om it lykspul út it fjoer te slepen. Yn ekstra tiid wie it lykwols ACV dat mei de winst útnaaide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)