Soer ferlies foar SCO

07 sep 2014 - 16:37
  • SCO

De kuorballers fan SCO hawwe snein de twadde wedstriid fan it seizoen mei 24-23 ferlern fan HKV/Ons Eibernest. Op eigen fjild gong de skoare yn de begjinfaze lykop. By in stân fan 7-7 wisten de Aldeholtpeasters in lytse foarsprong te pakken en rûnen út nei 11-7. Foar rêst kamen de gasten út Den Haach werom oant 15-15.

Nei it skoft wie it krûd damp by de ploech fan trener Aegle Frieswijk en rûn Ons Eibernest ienfâldich út nei 22-16. Mei in goed slotoffensyf wist SCO yn te rinnen oant ien punt ferskil. Doe fluite de skiedsrjochter ôf.

Ferline wike sette SCO de kompetysje útein mei in 18-14 oerwinning op AW/DTV út Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)