Soer ferlies foar Aris

05 feb 2012 - 14:28

Soer ferlies sneontejûn foar de basketballers fan Lasaulec Aris. Yn en tsjin Nijmegen ferlearen de Ljouwerters mei 91-85. Lang like Aris seker fan de winst. Topskutter Lance Jeter wie tige trefseker en sette de Ljouwerters by rêst op in fertsjinne 31-43 foarsprong.

Ek nei it skoft hold Aris de kontrôle. Mei noch seis minuten op 'e klok sloech de wedstriid om en rûkten de Nijmeegsters harren kâns. In pear fiere ôfstanners en flaters oan de kant fan Aris soargen derfoar dat de thúsploech úteinlik de winst pakte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)