Soer 1-0 ferlies foar ONS Boso Snits

12 des 2015 - 17:01

Topklasser ONS rûn sneon tsjin in soer ferlies oan. Op eigen fjild ferlearen de Snitsers mei 1-0 fan Katwijk. ONS kaam nei 23 minuten op efterstân. Yn de jacht op de lykmakker slaggen de Snitsers der net yn wat werom te dwaan. Nei rêst waard it noch slimmer doe't ONS mei 9 man fierder moast nei read foar Frits Dantuma en Roelof Strikwerda. Curty Gonzales wie yn it slot noch ticht by de lykmakker, mar koe de foarset fan Renco van Eeken krekt net yn it doel krije.

It is it 8e ferlies foar ONS, dat stean bliuwt op 15 punten út 15 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)