Soepeler easken foar Thialf

11 nov 2004 - 16:57

De gemeente Hearrenfean ferrommet de feilichheidseasken foar iisstadion Thialf. De gemeente hat de eask falle litten dat de ôfskieding tusken it restaurant en de iisbaan in brân in heal oere lang tsjinhâlde kin. Dy eask wie nedich foar in fergunning.

Thialf sit no midden yn it seizoen en kin no net ferbouwe. It iis soe dêrtroch ek minder snel wurde fanwege in mindere kwaliteit. Boppedat kostje de oanpassings mear as 100.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)