Soepboer nei Poetry

26 maaie 2003 - 00:00

Albertina Soepboer stiet dit jier op Poetry International. It grutste ynternasjonale dichtersfestival begjint 14 juny yn Rotterdam. Hast fjirtich dichters trede op yn seis dagen. Sân derfan komme út Nederlân.

De organisaasje noeget alle ûneven jierren in Frysk dichter út. Earder stienen Tsjêbbe Hettinga, Cornelis van der Wal en Anne Feddema op it poadium yn Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)